Relaasje wethâlder-deputearre

De gemeente Ljouwert sil de portefeuille fan wethâlder Henk Deinum oanpasse. Hy sil yn de takomst net mear ferantwurdlik wêze foar rekreaasje en toerisme. Dat hat boargemaster Crone freed bekend makke.
De feroaring fynt plak omdat Deinum de boargemaster ferteld hat dat er sûnt koart in relaasje hat mei deputearre Jannewietske de Vries. Ek sy hat yn it Kolleezje fan Deputearre Steaten rekreaasje en toerisme yn har portefeuille.