Polityk wol dúdlikheid oer SAR

Der moat dúdlikheid komme oer de SAR
De Twadde Keamerfraksjes fan PvdA, CDA en de ChristenUnie roppe steatssikretaris De Vries fan definsje op it matsje. Se wolle dúdlikheid oer hoe't it no komt mei de ferhuzing fan de SAR-helikopters fan de Ljouwerter fleanbasis nei Den Helder.
De eilannen binne benaud dat dêrmei it pasjinteferfier yn spoedgefallen yn gefaar komt. Nei in soad oerlis is der ferline jier troch alle partijen in konvenant opsteld mei dêryn dúdlike ôfspraken.