Toto: FC Twente wint beker

15 maaie 2009 - 16:12

Dielnimmers oan de Toto foarspelle dat FC Twente snein de bekerfinale fan SC Hearrenfean winne sil. Rom 70% fan de Toto-spilers tinkt dat FC Twente winne sil. Sjoen de statistiken is dat in logyske foarspelling, want yn de lêste trije seizoenen hat Twente fiif kear wûn fan Hearrenfean.

Hearrenfean stiet foar de tredde kear yn de bekerfinale en hopet de earste haadpriis yn de klupskiednis binnen te heljen. FC Twente hat de beker alris wûn yn 1977 en 2001.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)