Ekstra konsert Cohen yn Frysk

15 maaie 2009 - 15:48

Der komt in ekstra foarstelling fan it Leonard Cohen yn it Frysk-konsert yn De Lawei yn Drachten. De foarstelling fan 4 septimber is al hast hielendal útferkocht.

De Stichting de Partisanen en De Lawei hawwe dêrom besluten om op sneon 5 septimber noch in foarstelling te jaan. Alle artysten dy't meiwurke hawwe oan de cd fan Cohen yn it Frysk wurkje ek mei oan it konsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)