TBC by man op It Hearrenfean

15 maaie 2009 - 14:43

By in man fan 46 fan It Hearrenfean is in besmetlike foarm fan tuberkuloaze ûntdutsen. De man wurdt dêr yntusken foar behannele. De GGD docht in ûndersyk nei de kontakten fan de man. Dan giet it om syn húshâlding, famylje, kunde en kollega's.

De man wurket by in bedriuw mei tolve man personiel. Hoe grut de groep om de man hinne yn totaal is, is noch net bekend. It is ek noch net dúdlik hoe't de man de sykte krekt skipe hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)