Foppe de Haan wol wer in klup

Foppe de Haan wol wer in klup
Foppe de Haan stiet iepen foar in weromkear nei it betelle fuotbal. De Haan is dwaande mei syn lêste wiken yn tsjinst fan it KNVB. Fan 1 july ôf hat er de hannen wer frij.
Takom seizoen hat De Haan in advisearjende rol by Emmen, mar de oefenmaster út Nes hâldt alle oare opsjes iepen. "Een club sluit ik niet op voorhand uit, maar dan moet het wel iets heel moois zijn", seit De Haan op de webside fan it KNVB.