Better sosjaal plan bank

Principe-akkoart Friesland Bank oer sosjaal plan
De fakbûnen hawwe mei de Friesland Bank in prinsipe-akkoart berikt oer in better sosjaal plan. It eardere troch de bank foarstelde sosjaal plan waard troch de leden fan de bûnen fuortstimd, omdat der neffens har gjin goede regeling yn stie foar minsken dy't nei in legere funksje gean.
De wurknimmers drigen dêrtroch flink yn salaris tebek te gean. De bûnen binne no mei de bank in oplossing foar it probleem oerienkaam.