Oranjewyk wint 11.000 euro

© Omrop Fryslân
De bewenners fan de Oranjewyk yn Ljouwert hawwe mei in weddenskip hast 11.000 euro wûn fan de gemeente. Ynset fan 'e weddenskip wie dat de wykbewenners it enerzjyferbrûk yn in jier tiid mei tsien persint ferminderje soene. Dat is slagge.
De wykbewenners fertsjinnen punten, mei bygelyks in sparlampe-aksje en húskeamerbyienkomsten om te praten oer enerzjybesparring.