Grut tal boetes miljeukontrôle

© Omrop Fryslân
De plysje sjocht net op fan de útkomsten fan miljeukontrôles, earder dizze wike yn de noardlike provinsjes. Dêrby gie ien fan de trije frachtweinsjauffeurs op 'e bon. Yn Fryslân waard kontrolearre op de A7 by Terwispel.
Mei-elkoar waarden 344 frachtweinen kontrolearre. Fan harren hiene 114 sjauffeurs de saken net goed foarelkoar. It gie dêrby ûnder oare om it net goed fêstsetten fan 'e lading, en om in tal lytsere saken.