Automobilist ried te stadich

15 maaie 2009 - 10:49

In 73-jierrige man út Ljouwert moast tongersdeitejûn syn rydbewiis ynleverje om't er gefaarlik ried. De man ried hiel stadich oer de Brandemeer yn Ljouwert. Dêrom krige er in stopteken fan 'e plysje.

Letter die bliken dat de man al trije kear earder ûnfeilich ried. Hy moast dêrom syn rydbewiis ynleverje. It CBR beslút ynkoarten oft de man noch autoride mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)