Betiid op paad nei De Kuip
Minsken dy't snein op It Hearrenfean op de trein stappe wolle, kinne mar it bêste betiid op paad. De NS ferwachtet grutte drokte op it stasjon fan it Hearrenfean, omdat in soad supporters mei de trein nei Rotterdam gean foar de bekerfinale yn De Kuip.
De grutste drokte wurdt ferwachte tusken kertier foar alven en healwei trijen.