Steatelid Grien Links hâldt op

15 maaie 2009 - 08:21

Steatelid Theo van de Bles fan Grien Links leit syn funksje del. Hy seit dat er gjin ynspiraasje mear hat. Ta dy konklúzje is Van der Bles kaam nei in perioade fan besinning.

Van de Bles hat seis jier Steatelid west, wêrfan fiif jier as fraksjefoarsitter. Dêrfoar siet er yn de gemeenteried fan Weststellingwerf. Dêr hat Van de Bles ek wethâlder west. Hy wurdt yn de Steaten opfolge troch Retze van der Honing fan It Hearenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)