Grien ljocht stasjonsgebiet

15 maaie 2009 - 08:04

De plannen foar it opwurdearjen fan it stasjonsgebiet yn Bûtenpost kinne fierder útwurke wurde. De gemeenteried fan Achtkarspelen hat dêr grien ljocht foar jûn. Der soene ûnder oare kantoaren komme moatte en mear parkearplakken.

De plannen kostje 8,6 miljoen euro en moatte in soad wurkgelegenheid opsmite. In tredde part fan 'e kosten soe dutsen wurde moatte troch subsydzjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)