'Oanpak Ljouwert-West moat'

© Omrop Fryslân
Mei de komst fan de westlike rûnwei om Ljouwert hinne, de Heak, en de 6500 huzen yn de wyk Súdlannen, wurdt it heech tiid foar in strukturele oanpak fan Ljouwert West. Dat fynt Atelier Fryslân, it advysorgaan oer de ynrjochting fan Fryslân.
It Atelier fynt dat de bedriuweterreinen oan de westkant fan Ljouwert ferrommelje. Ek moat der in prominenter plak komme foar Nij Bosma Zathe. Deputearre Konst fynt it advys fan Atelier Fryslân 'weardefol'.