't Fean riedt him ta op Amelân

Noch goed dagen en dan moatte de manlju fan SC Hearrenfean oan 'e bak. Dan is lykas bekend de bekerfinale tsjin FC Twente. Om de spilers in optimale tarieding te jaan is de club twa dagen op trainingskamp. It kamp is op it Amelân, dêr't de sûne lucht en de relative rêst de manlju op skerp sette moat.
Oft it goed útpakt, dat sil snein dúdlik wurde. De Hearrenfeans trainden op it fjild fan Geel-Wit.