Meldpunt foar flearmûzen

Lânskipsbehear Fryslân hat in nij meldpunt om flearmûzen te beskermjen. Minsken witte faak net wat se oan moatte mei flearmûzen yn en om hûs. Om foar te kommen dat it min ôfrint, kin der no belle wurde mei it meldpunt.
De organisaasje ferwachtet hûndert flearmûsmeldings yn in jier te krijen. It meldpunt helpt net allinnich by flearmûsproblemen. Se witte ek in protte oer stienmarters. It nûmer fan it meldpunt is 06-10172218.