Nij MFC yn Frijheidswyk
Yn 'e Frijheidswyk yn Ljouwert is tongersdei in nij multyfunksjoneel sintrum (MFC) iepene. De offisjele iepening waard dien troch de wethâlders Krol en Sluiter. Yn it nije gebou sitte twa basisskoallen, in kompjûterromte en der is plak foar ferskate organisaasjes lykas BV Sport en jongereinwurk.
It nije sintrum is ûnderdiel fan in opknapbeurt dy't de wyk hân hat.