Huistra trainer beloften Ajax

14 maaie 2009 - 16:33

Pieter_Huistra wurdt trainer fan Jong_Ajax. Hy folget Adrie Koster op dy't takom jier haadtrainer wurdt by Club Brugge. De 42-jierrige Huistra rûn dit seizoen mei by de technyske stêf fan de Amsterdamske klup.

De âld-ynternasjonal waard troch Marco van Basten oansteld as ferfanger fan Rob Witsche, dy't mei in swiere blessuere te krijen hie. Earder wie Huistra aktyf as trainer by Vitesse en FC Grins. Hy tekenet in kontrakt foar twa jier by Ajax.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)