Rjochtsaak foar langer wurkje

Tjeerd Koelmans wol langer trochwurkje
Notaris Koelmans fan Berltsum spande tongersdei foar de rjochtbank yn Den Haach in koart pleit oan. Hy wurdt takom wike 65 jier en wol graach trochwurkje ta syn santichste. De wet stiet dat no noch net ta, mar dêr komt nei alle gedachten feroaring yn, as de Earste Keamer in wetswiziging oannimt. De behanneling is takom tiisdei.
De ferplichte pensjoenleeftiid soe dan omheechgean nei 70 jier. De wetswiziging is in hammerstik, dat de kâns is grut dat it trochgiet.