Ternaard hat bêste terras

14 maaie 2009 - 15:38

Restaurant De Waard van Ternaard hat it bêste terras fan Fryslân. Dat skriuwt it blêd Special Bite. Neffens it blêd kinne je by it restaurant goed bûtendoar sitte yn dit 'pittoreske gehucht in de buurt van Dokkum'. Dêrneist is it iten der goed en goedkeap en is de service út de keunst.

De list is makke troch spesjale gasten fan it blêd Special Bite en besikers fan de webside fan it blêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)