Friezinne fermist yn Noarwegen

Cobi Boonstra
De plysje yn Noarwegen is al wiken op syk nei de fermiste Cobi Boonstra fan Aldeberkeap. De 66-jierrige frou gie heal april allinne op fakânsje nei Oslo, mar kaam net werom op har hotelkeamer. Har paspoart en beurs leine wol yn 'e keamer en har auto stie ek by it hotel.
Mei helikopters en hûnen hat de plysje de bosken ôfsocht. De famylje fan 'e Stellingwerfse dy't allinnich wennet, is op 'e hichte brocht. De Fryske plysje slút in misdriuw net út.