Toon Hermanshûs yn Ljouwert

14 maaie 2009 - 14:30
  • It hûs is neamd nei de ferstoarne kabaretier Toon Hermans

Yn 'e Ljouwerter Blokhúspoarte wurdt freed it sânde Toon Hermanshûs fan Nederlân iepene. Dat is in ynrinhûs foar kankerpasjinten. Dy kinne dêr prate mei lotgenoaten. Fierders wurde der kreative kursussen jûn om minsken te helpen harren ferhaal te dwaan.

It Toon Hermanshûs driuwt op frijwilligers. Dy binne dizze dagen noch drok dwaande mei skjinmeitsjen en ynrjochtsjen fan it hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)