Fytsende jonge fan A32 helle

14 maaie 2009 - 13:25

Op de A32 by Haskerdiken hat de plysje woansdeitejûn in 17-jierrige fytser út Oisterwyk fan 'e dyk ôfhelle. Ferskate autobestjoerders hiene de plysje warskôge oer de fytser.

De jonge is oanhâlden. Hy ferklearre dat er de fyts foar in lyts bedrach foar immen kocht hie. De plysje fertroude syn útlis net hielendal en hat de jonge en syn fyts meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)