Skylger Paulus de Boskabouter

Paulus de Boskabouter
Op Skylge wurdt sûnt oktober ferline jier wurke oan in bysûndere útjefte fan in boek fan Paulus de Boskabouter. It boek wurdt oerset yn 'e trije dialekten fan it Waadeilân. It wurk is hast klear.
Takom moanne sil de Skylger Paulus yn in oplage fan twatûzen eksimplaren ferskine. It boek sil te keap wêze yn boekhannels op Skylge. Guon boekhannels op 'e fêste wal hawwe it ek yn it assortimint.