24.000 Feanfans ferwachte

14 maaie 2009 - 12:11
  • Feanfans by in eardere huldiging (argyf)

Fjouwer dagen foar bekerfinale tsjin FC Twente wurdt by it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean al hurd wurke oan de tariedings fan it feest. Op snein is it gersfjild njonken it stadion iepen foar alle Feanfans dy't net nei De Kuip yn Rotterdam kinne.

Op in poadium binne optredens fan artysten. De wedstriid is te folgjen op byldskermen. Der wurde 24.000 minsken ferwachte. De tagong is fergees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)