Ynfojûn Oostergoplein Ljouwert

© Omrop Fryslân
De fyts- en kuiertunnel ûnder it Oostergoplein yn Ljouwert hat folle mear draachflak ûnder de omwenners as de brêge dy't de gemeente ferline jier ha woe. Dat die woansdeitejûn bliken by in ynformaasjegearkomste fan de gemeente. Sa'n 75 minsken kamen dêr op ôf.
Troch de oanlis fan de tunnel moat it autoferkear better trochride kinne. Dêrneist moat it Oostergoplein der ek feiliger op wurde. It wurk oan it Oostergoplein is novimber 2010 klear.