Wurk oan asfalt A7

13 maaie 2009 - 20:04

Rykswettersteat begjint op woansdei 20 maaie mei it ferfangen fan it asfalt op de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean. Dit is ien fan de diken dy't de ôfrûne winter skea oprûn troch de froast.

It wurk wurdt jûns en nachts útfierd. Dan binne ek in tal op- en ôfritten en ferbiningsdiken ôfsletten. De wurksumheden duorje noch oant en mei sneon 30 maaie. Oant dy datum is mar ien rydstrook beskikber, it ferkear moat dêrom rekken hâlde mei fertragings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)