Meiprate oer fúzjegemeente

© Omrop Fryslân
Der komme acht gearkomsten oer de takomst fan de nije fúzjegemeente yn de súdwesthoeke fan Fryslân. Alle ynwenners fan de gemeenten Nijefurd, Wymbritseradiel, Boalsert, Snits en Wûnseradiel meie deryn meiprate oer de nije gemeente. Der wurdt ûnder oare praat oer doelstellingen en oandachtspunten. De gemeente, dy't de wurknamme Súdwest-Fryslân krige hat, wurdt mei 90.000 ynwenners de grutste gemeente fan Fryslân.