SC Hearrenfean nei It Amelân

13 maaie 2009 - 16:18
  • Woansdei wie de lêste training yn it Abe Lenstrastadion

De earste seleksje fan SC Hearrenfean sil op It Amelân yn alle rêst tawurkje nei de bekerfinale. Dy is snein yn Rotterdam tsjin FC Twente. Op It Hearrenfean wie woansdei de lêste iepenbiere training fan de klup. De trainer hat besletten mei de spilers nei it eilân te gean om se te beskermjen tsjin alle drokte.

De kaarten foar de bekerfinale yn Rotterdam binne folslein útferkocht. Beide klups ha 18.500 kaarten krigen. De Kuip hat yn totaal 52.200 plakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)