Brune float wer eigen baas

13 maaie 2009 - 15:28

Twa groepen Fryske skippers fan de brune float binne wer eigen baas. Se hawwe sels koöperaasjes oprjochte foar de ferhier fan de skippen. It giet om in groep fan 25 skippers út Harns en Enkhuzen en om in groep fan 20 skippers út Starum.

De skippers wiene ûntefreden oer it algemiene boekingskantoar yn Lelystêd dêr't 140 skippers by oansluten binne. Se fine dat te grut, wêrtroch't de sjarterboaten yndividueel net goed yn 'e merk set wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)