Kids for Animals kâns op priis

13 maaie 2009 - 15:22

Kids for Animals Fryslân is ien fan de trije kânshawwers foar de titel Dierebeskermer fan it Jier. De nominaasje is fertsjinne fanwegen in projekt mei ringslangen yn Beetstersweach. Bern fan Kids for Animals Fryslân hawwe dêr fan bjirkebeamkes yn de bosk saneamde briedheapen makke, dêr't de slangen har aaien lizze kinne.

Op 20 maaie wurdt yn it TV-programma Nieuws uit de Natuur de winner bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)