Saak Lindestede seponeard

Saak tsjin ferpleger Lindestede is seponeard
De saak tsjin in âld-meiwurker fan soarchsintrum Lindestede yn Wolvegea is seponeard. De man soe in frou yn komateuze tastân ferkrêfte ha. Der is te min bewiis.
It ynsidint kaam in jier ferlyn oan it ljocht. De frou waard fersoarge yn Lindestede en makke har man dúdlik wat har oerkommen wie. Der kaam in ûndersyk. De ferpleger, dy't der al tweintich jier wurke, hat dien krigen. Hy soe him net oan de gedrachsregels hâlden ha.