Beslút net yn Stellingwerfsk

13 maaie 2009 - 12:26
  • Provinsje kin Stellingwerfs beslút net útfiere

Yn Fryslân mei in offisjeel beslút net yn it Stellingwerfsk naam wurde. De rykswetjouwing stiet dat net ta.

Lid fan Provinsjale Steaten Pieter Jonker (PvdA) tsjinne woansdei in moasje yn it Stellingwerfsk yn, mar dy koe net útfierd wurde, om't in beslút yn it Frysk of Nederlânsk nommen wurde moat. Dy beide talen binne de offisjele talen fan ús lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)