Bolsward wurdt Boalsert

© Omrop Fryslân
De gemeente Boalsert hat besluten de Fryske skriuwwize fan de stêd oan te hâlden. Der wiene fragen steld oer de skriuwwize fan de namme fan de stêd. Om dêr dúdlikheid oer te krijen, hat de gemeente de Fryske Akademy om help frege.
It docht bliken dat de skriuwwize Boalsert in earbetoan is oan Joast Halbertsma en Gysbert Japicx. Beide mannen ha in soad foar de Fryske taal betsjut. Dat is mei de reden foar it beslút fan de gemeente foar Boalsert.