Tsjûgen socht fan mishanneling

© Omrop Fryslân
In man (61) út Ljouwert is sneontemoarn betiid sûnder oanlieding slim mishannele yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert. Ek waard syn auto fernield. De plysje is no op syk nei minsken dy't mear fertelle kinne oer de mishanneling.
Neffens dy plysje hat de man flak foar de mishanneling ek in tal skotten heard. Wa't mear fertelle kin, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje. Dat kin troch te beljen mei it nûmer 0900-8844.