Nêst is fuortwaaid

13 maaie 2009 - 10:37

De plysje frege woansdei oft minsken wat wisten oer de fernieling fan in earrebarrenêst by de Griene Stjer yn Ljouwert. It nêst yn de telefoanmêst wie fuort. De behearder fan de Griene Stjer hat witte litten dat it nêst freed út de telefoanmêst waaid is.

Begjin april is it nêst ek al ris fuortwaaid. De earrebarren hawwe it dêrnei opnij boud, oft se dat no wer dogge is noch mar de fraach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)