Jild foar skoallen B'him

Gemeente stelt jild beskikber foar plannen skoallen yn Grou en Akkrum
De gemeenteried fan Boarnsterhim hat 90.000 euro beskikber steld om nije plannen foar de skoallen yn Grou en Akkrum út te wurkjen. Der is jierrenlang wurke oan plannen foar twa brede skoallen yn de doarpen, mar dy binne fan de baan.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders moast opstappe om't se it finansjeel net foarelkoar krije koene. Der moatte lykwols twa nije skoallen komme op de doarpen. Dat skriuwt de wet foar.