Wâldwei ôfset fanwegen ûngelok

De Wâldwei is ôfset om de frachtwein wer op syn kant te krijen
Ferkear tusken Drachten en Ljouwert kin de kommende oeren net oer de Wâldwei by Drachten. Dy wurdt ôfset, om in frachtweinkombinaasje oerein te setten. Nei alle gedachten kin it ferkear der nei 15.00 oere wer del.
Woansdeitemoarn kantele de frachtwein troch ûnbekende reden. De frachtweinsjauffeur is mei rêchklachten nei it sikehûs brocht. Ferkear moat foarearst omride. Earder wie der mar ien rydstrook beskikber.