Batavus Pro Race troch Fryslân

De start fan 2008
Woansdei om 10.30 start de Batavus Pro Race, de prof-hurdfytsronde troch Fryslân. De start is op de Grienewei yn Ljouwert. De rûte giet fia Frjentsjer en Harns nei Gaasterlân, dan oer It Fean, De Gordyk en De Westereen werom nei Ljouwert. Yn Ljouwert wurde dan noch fjouwer rûntsjes troch de stêd riden.
Yn de provinsje sil it oare ferkear net folle lêst hawwe fan de fytsers, de Ljouwerter binnenstêd is wol in skoft ticht.