Hûnen net mear los yn bosk

Hûnen meie net mear oeral los rinne yn it Drents-Friese Wold
Hûnen meie aanst net mear oeral los rinne yn it Drents-Friese Wold. Staatsbosbeheer hat fjouwer plakken yn it bosk oanwiisd dêr't de hûnen noch wol los meie. Neffens Staatsbosbeheer soene ûnder oare fytsers en kuierders lêst hawwe fan losrinnende hûnen en ek de foar bisten yn de bosk sels is der oerlêst.
Yn fjouwer doarpen om de bosk hinne binne dizze wike ynsprekjûnen. Omwenners kinne mei beslute oer de krekte grinzen fan sa'n plak.