'Roze Zaterdag' yn Ljouwert

12 maaie 2009 - 20:56

Ljouwert wol yn 2011 de lanlike homomanifestaasje 'Roze Zaterdag' organisearje. It is de ôfsluting fan de 'Roze Week' dy't alle jierren yn in oare stêd holden wurdt.

Roze Zaterdag wurdt dit jier op 20 juny yn Den Haach fierd. It homo-emanisipaasje-evenemint lûkt tsientûzenen besikers. Ljouwert set him bot yn foar de homo-emansipaasje. Fertsjintwurdigers fan de stêd makken ferline jier sels diel út fan de Gay Pride yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)