'Voedselbank' Skylge hâldt op

Der is gjin ferlet fan in 'voedselbank' op Skylge
De 'voedselbank' fan Skylge is al wer ophâlden foardat er út ein set is. In groep partikulieren op it eilân wie it projekt begûn en gie derfan út om 20 húshâldens in itenspakket te jaan. Der hat hat him lykwols net ien oanmeld.
De organisaasje tinkt dat in soad minsken har skamje, foaral yn in hechte mienskip lykas Skylge. It projekt leit no stil, mar as it oer in pear moanne dochs bliken docht nedich te wêzen, sille de partikulieren de 'voedselbank' wer opstarte.