Prate oer bûten Rinsumageast

12 maaie 2009 - 15:46

De gemeente Dantumadiel besiket noch altyd om in nij bûten yn Rinsumageast te krijen. Der wurdt al in pear jier oer praat, mar de provinsje hat noch gjin grien ljocht jûn.

Undernimmer Feitze Boersma wol yn Rinsumageast in bûten fan goed tsien bunder oan grien oanlizze mei in gebou yn de styl fan in âld-adellik hûs. Dêr moatte 10 wenten út de djoerdere klasse yn komme. Ek komme der foarsjennings foar doarpsbewenners en toeristen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)