Alde Maaie mooglik wer werom

Alde bylden fan it boerelibben
Alde Maaie, in âlde tradysje, moat neffens guon ûndernimmers weromkomme. Alde Maaie is foar jongeren in ûnbekend fenomeen, mar de âlderein wit it grif noch. Foarhinne wie Alde Maaie it momint yn it jier dat Fryslân massaal yn beweging kaam. Earst op 1 maaie, letter waard dat troch de ynfiering fan in nije kalinder 12 maaie.
In oantal ûndernimmers wolle de âlde tradysje wer ynfiere as toeristyske attraksje.