Tsjerkwert wint buertaksje

12 maaie 2009 - 12:22

De Waltawei yn Tsjerkwert hat de priis foar de bêste buertaksje fan Fryslân wûn. De bewenners krije fiiftûzen euro fan de Fryske Miljeu Federaasje. Mei dat jild kinne se har idee foar enerzjybesparring yn de strjitte útfiere.

Fjouwer strjitten leveren in plan yn om enerzjy te besparjen. Dat fan de Waltawei hat wûn, omdat it hiele doarp profitearret fan de maatregels dy't foarsteld wurde. Sneon wurdt de jildpriis oerlange.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)