Ferkearde ûntslaggen Philips

Grutte ûnrêst by Philips Drachten
By Philips yn Drachten is grutte ûnrêst ûntstien omdat trettjin meiwurkers moandei ûntslach oansein krigen hawwe, wylst dat net foar harren bedoeld wie.
Mei-elkoar hiene 34 minsken sa'n oansizzing hawwe moatten en dat binne der úteinlik 47 wurden. Neffens wurdfierder Eric Drent fan Philips yn Eindhoven is der in flater makke yn in kompjûtersytseem. CNV-wurdfierder Piet Fortuin wol mei de direksje prate fanwege de grutte ûnrêst no by Philips.