Subsydzje kavelruil boeren

12 maaie 2009 - 11:47

It Projectbureau Kavelruil Fryslân hat 65 tûzen euro oan subsydzje takend oan de dielnimmers fan de frijwillige kavelruil yn de Boelstrapolder, yn it súdeasten fan de provinsje. Fiif boeren hawwe dêr mei elkoar hast hûndert hektare grûn ruile. Dat is op papier al regele, meikoarten giet ek echt de skeppe de grûn yn om de kavels better yn te rjochtsjen.

De kavelruil bringt de boeren tichter by har lân. De kavels wurde ek grutter troch losse stikken gear te foegjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)