Cambuur hat ambisjeuze plannen

12 maaie 2009 - 11:24

It giet goed mei Cambuur. De neikompetysje is helle, de taskôgers kinne it stadion goed fine, it tal sponsors nimt ta en der is in gearwurkingsferbân mei FC Grins.

Mar der is mear. Cambuur wol graach in nij stadion bouwe by it WTC en yn de Súdlannen moat in opliedingsynstitút komme. Jeugdfuotballers kinne dêr har oplieding krije. Mar ek foar oare sporten moat dêr romte komme, lykas in nij swimbad foar Orca en in sporthal foar de sealfuotballers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)