Nije dowetrailer doweferiening

© Omrop Fryslân
De doweferiening Afdeling Friesland'96 hat der in nije trailer by. It is de modernste dowetrailer dy't der is, mei folle mear fentilaasjemooglikheden as de âlde. Der is, ôfhinklik fan it tal kilometers dat riden wurde moat, romte foar 6000 oant 8000 dowen op de trailer.
It is in djoere ynvestearring dy't opbrocht wurde moat troch de 1800 leden fan de Fryske ôfdieling.