Sosjaal needfûns Dongeradiel
Dongeradiel krijt mooglik in sosjaal needfûns. It giet om in inisjatyf fan in ûndernimmer út de gemeente en de PvdA. It fûns is bedoeld foar ynwenners fan de gemeente dy't yn grutte finansjele need sitte. Sy kinne jild krije foar bygelyks klean, skoalreiskes en it ôflossen fan skulden.
De ûndernimmer út Dongeradiel wol 20 tûzen euro yn it sosjaal needfûns stoarte. Betingst is wol dat de gemeente 10 tûzen euro jout oan it fûns.